Man wol undersyk ferdrinkingsdea

© Omrop Fryslân
De heit fan in ferdronken jonkje út Ljouwert wol in nij ûndersyk nei de deadsoarsaak fan syn bern. Neffens de man giet it om moard en soe it bern ûnder wetter drukt wêze.
It jonkje fan sân moanne ferdronk yn febrewaris 2001 yn syn badsje. De mem wie haadfertochte, mar tsjin de frou wie hast gjin bewiis. Neffens de heit is it eardere ûndersyk net goed dien.