Cambuur ferliest fan Eindhoven
Cambuur wie freedtejûn net al te fortúnlik tsjin Eindhoven. Beide ploegen wiene wat sterkte oanbelanget oaninoar weage, mar it wiene dochs de Brabanners dy't de oerwinning pakten. Fier yn blessueretiid makke Eindhovenaar Ties Konings de iennige goal fan de wedstriid (0-1).
Fan 'e fiif wedstriden hat Cambuur oant no ta trije ferspile.