Sel foar moardner Sienema

20 sep 2002 - 00:00

In rjochtbank yn Estlân hat de moardner fan de Fryske sakeman Sienema ta tolve jier sel feroardiele. Twa meiplichtigen krigen twa en trije jier. De famylje fan Sienema is tefreden oer de frij hege straf.

Sienema, út de Westereen, waard yn desimber 2000 yn Estlân deasketten troch syn sjauffeur. It stoflik omskot waard pas in moanne letter fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)