Jubileumedysje Twillingbeurs

20 sep 2002 - 00:00

Hy is yn 15 jier tiid útgroeid ta Nederlâns grutste twillingbeurs: dy yn Drachten. De beurs mei twaddehâns guod wurdt twa kear per jier hâlden en belibbet no syn tritichste edysje.

Fan it begjin ôf oan is de beurs drok besocht, want twillingen binne djoer. Yn 'e rin fan de jierren is er de grutste wurden. Takom maitiid is der wer in twillingbeurs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)