Keunstwurken op strân Skylge

20 sep 2002 - 00:00

Keunstner Dirk Hakze leit op dit stuit de lêste hân oan The Colours of Music op Skylge. Op it strân by Midslân beskilderet er 57 panelen op muzyk fan de komponist Sandor Verres.

Besikers kinne fia koptelefoans meiharkje nei de muzyk dêr't Hakze syn ynspiraasje út hellet. Mei Simmer 2000 wie der ek sa'n strânkeunstwurk, mar doe op Skiermûntseach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)