Frysk Genoatskip 'keninklik'

© Omrop Fryslân
It Frysk Genoatskip krijt de keninklike status. Dat hat kommissaris Nijpels freed bekendmakke by de fiering fan it 175-jierrich bestean fan it genoatskip. Nijpels neamde de nije status in befêstiging fan it kulturele belang.
It genoatskip is oprjochte as wittenskiplik platfoarm. Wichtige ynstellings lykas it Ryksargyf en it Frysk Museum binne der út fuort kommen.