Brân by leanbedriuw

© Omrop Fryslân
By leanbedriuw Westra yn Frentsjer hat freedtemiddei in koarte, mar fûle brân west. Nei alle gedachten ûntstie de brân troch koartsluting yn in trekker.
By de brân ûntstie in soad reek. De brânwachtkorpsen fan Harns en Frentsjer wiene gau manmachtich bywêzich, sadat it fjoer gau ûnder kontrôle wie. Hoe grut de skea is, is noch net dúdlik.