Earste ljipaai lottere

10 mrt 2012 - 14:38

Op it provinsjehûs yn Ljouwert is sneontemiddei it earste ljipaai fan Fryslân oanbean oan kommissaris fan de Keninginne Jorritsma. It aai is ek it earste fan Nederlân. It waard sneontemoarn betiid tusken Aldehaske en Rottum fûn troch Jan Oosterman fan Aldehaske. Op it provinsjehûs waard it aai lottere om te sjen oft it yndie om in farskenien gie. Nei dy seremoanje krige Oosterman it finerslean fan 15 euro en de sulveren ljip.

Neffens Jorritsma is sneon ek it earste ljipaai fan Kollumerlân fûn, in pear oeren nei it earste Fryske aai.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)