SKS skrast Jousters út útslaggen

© Omrop Fryslân
It Jouster skûtsje is út alle útslaggen fan de SKS-wedstriden skrast. It skûtsje soe neffens it SKS-bestjoer net oan de wedstriideasken foldien ha.
Troch it fuortfallen fan De Jouwer hat it Snitser skûtsje de minste punten en is dat dus de feitlike kampioen. De SKS hat lykwols besletten om oarspronklik winner Ljouwert en Snits beide ta kampioen út te roppen: in unikum.