LPF wol yn Fryske Steaten

© Omrop Fryslân
De LPF docht yn Fryslân ek mei oan de steateferkiezings yn maart takom jier. Tongersdei keas de LPF hjir in nij bestjoer. Foarsitter waard Johan Wiersma fan Readtsjerk dy't al foarriedich foarsitter wie.
It program foar de steateferkiezings is noch net klear. De LPF wol yn alle gefallen in sterkere posysje foar Fryslân. Der is noch gjin Fryske list.