Gjin plak op hôf Muntsjesyl

© Omrop Fryslân
Der kinne meikoarten gjin minsken te hôf brocht wurde yn Muntsjesyl. Der is op it hôf gjin romte foar nije grêven. De buorlju fan it begraafplak meitsje beswier tsjin útwreidingsplannen.
Wethâlder Hogendorp fan Kollumerlân hat de Muntsjesylsters tongersdei oproppen om op te hâlden fan beswiermeitsjen. Want oars kinne Muntsjesilers net mear yn eigen doarp begroeven wurde.