Stroomsteuring yn Ljouwert

19 sep 2002 - 00:00

Yn in part fan Ljouwert foel tongersdei de stroom út troch in slimme steuring. Dy ûntstie trochdat by it MCL in stroomkabel rekke waard by graafwurksemheden. Dêrop wie der koartsluting en foel de stroom op in soad plakken út.

Meiwurkers fan it elektrisiteitsbedriuw binne de skea oan it ferhelpen. Omrop Fryslân gie oer op needstroom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)