Jild foar nije diere-ambulânse
De diere-ambulânse fan Súdeast-Fryslân is rêden. De takomst fan de organisaasje stie faai omdat de âlde ambulânse oan ein wie.
Mei stipe fan in tal frijwilligers- organisaasjes en de gemeente Smellingerlân is der no genôch jild byinoar brocht foar in nije diere-ambulânse. Dy wurdt op 4 oktober, dieredei, yn gebrûk naam.