OZB Skylge minder omheech

© Omrop Fryslân
De ûnreplik saak belesting op Skylge giet minder omheech as de bedoeling wie. Dat hat de gemeenteried besletten. It doel wie om de OZB oer in perioade fan fjouwer jier hast te ferdûbeljen mar neffens de ried hoecht dat net.
Der sit genôch jild yn de algemiene reserves fan Skylge om dat foar allerhande saken te brûken. De boargers moatte dêrfan meiprofitearje kinne.