Goed debút Jelle ten Rouwelaar

18 sep 2002 - 00:00

De Fryske PSV-keeper Jelle ten Rouwelaar (21) spile tiisdei fertsjinstlik by syn debút yn 'e Champions League. Yn en tsjin Auxerre hâlde Ten Rouwelaar de PSV-goal skjin.

Ten Rouwelaar is earste ferfanger fan 'e blessearre Waterreus. De kâns is grut dat hy de earstfolgjende Champions Leaguewedstriid wer meidocht. PSV spilet dan tsjin it Ingelske Arsenal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)