Tastimming KNVB foar Hearrenfean

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean mei fan de KNVB oant 31 desimber trochgean mei it oanbieden fan 600 plakken yn it stadion oan suppor- ters fan de tsjinstanner. Dat is it risseltaat fan it oerlis tusken KNVB en de belange-organisaasje foar supporters
De KNVB hat mei Hearrenfean ôfpraat dat de klup 1 jannewaris 2003 oan de noarm fan 800 plakken foldwaan sil. Nei de ferbouwing yn 2003 wurde dat der 1200.