Sliepe yn âld havenkraan
De Fryske ûndernimmer Beerda hat opdracht jûn om fan de âlde havenkraan yn Harns om te bouwen ta hotelkeamer. It giet om de 30 jier âlde havenkraan fan houtymporteur Hubert Jans.
It is it tredde bysûndere hotelkeamer- plan fan Beerda. Earder ferboude hy de Harnser fjoertoer en in rêdingsboat ta sliepkeamer. De kraan moat yn 2003 klear wêze. Draaie bliuwt mooglik.