It Wiid hast fallyt troch skeel

17 sep 2002 - 00:00

Bungalowpark It Wiid yn Earnewâld driget fallyt te gean as der net gau in ein komt oan alle rjochtssaken. Dat sizze de fakbûnen FNV en CNV.

Tiisdei tsjinne der op 'e nij in koart pleit foar de rjochtbank fan Ljouwert. It giet oer de twangsom dy't de hjoed- deiske eigner easket fan de feriening fan eigners. Dy feriening moat it park eksploitearje mar hat dat noch net dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)