Kreakers kinne earst bliuwe
De kreakers oan de Parkleane yn de Westerein kinne foarearst sitten bliuwe. Dat is moandei besletten nei oerlis tusken de seis jonges en wenningstifting Dantumadeel.
Ofpraat is dat de kreakers út it hûs wei geane as it opknapt wurdt. Dêr wol de wenningstifting yn de maitiid fan 2003 mei begjinne. It hûs stie al lange tiid leech.