'Cymru' offisjele namme Wales?

16 sep 2002 - 00:00

De National Assembly fan Wales hat it fersyk krigen de namme Wales te feroarjen yn de Welske namme 'Cymru'. De nammeferoaring is fergelykber mei de offisjele wiziging fan de namme fan ús provinsje yn 'Fryslân'.

It inisjatyf komt fan in riedslid fan de stêd Porthmadog. De titel fan Prins Charles soe dan ek 'Prince of Cymru' wurde moatte.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)