Trelit troch motorriders

© Omrop Fryslân
Fjouwer motorriders ha de plysje snein in soad wurk besoarge. De motors gedroegen har asosjaal yn it ferkear. Se rieden troch read en oer trochlutsen streken. By Dearsum riden se 155, wêr't 80 tastien is.
Doe't de motorriders de plysje seagen naaiden se út. Uteinlik koe de plysje ien oanhâlde. De man koe syn rydbewiis ynleverje en krige in grauwe boete.