Soargen Hearrenfean hâlde oan

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean sit yn 'e problemen. Sneon waard op 'e nij ferlern, thús fan NAC. Foarich jier wûn de ploech fan Foppe de Haan noch mei 5-0, no waard it 0-2 foar de mannen út Breda.
Al nei 20 minuten stie it 0-2 troch twa knappe goals fan Engelaar. It slagge de Feansters dêrnei net mear om grip op it spul te krijen. Hearrenfean hat nei 4 wedstriden noch mar ien puntsje.