Weening sechde yn einklassemint

15 sep 2002 - 00:00

Pieter Weening fan De Harkema is sechde wurden yn it einklassemint fan 'e Tour de l'Avenir. Yn de lêste etappe fan Saint-Flour nei Saint-Flour oer 138 kilometer waard Weening fyfde op mar 8 tellen fan 'e Kolumbiaan Ardila.

De dielnimmers oan de Ronde fan 'e Takomst leinen meiinoar 1463 kilometer ôf. Weening wie, benammen yn 'e bergen, hieltyd foaryn te finen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)