'Sluting SCI ûnterjochte'
Sluting fan kompjûterfabryk SCI op It Hearrenfean is ûnterjochte en net nedich. Dat stelt in ûnôfhinklik ûndersyk dat útfierd is yn opdracht fan de ûndernimmingsried.
Neffens har is it mar foar in part wier dat earne oars yn Europa goedkeaper kompjûters makke wurde kinne. Boppedat draait it fabryk mei winst. De UR jout dan ek in negatyf advys oan de direksje.