Dei fan de Amateurkeunst

© Omrop Fryslân
Sa'n 1500 amateurs út de gemeente Ljouwert litten sneon harren keunsten sjen yn skouboarch De Harmonie. It wie foar de twadde kear dat dizze manifes- taasje foar amateurkeunst hâlden waard.
Der wienen no mear dielnimmers as by de earste kear yn 1999. It giet om alle keunstfoarmen, ek dûns en muzyk. Doel is om amateurs ek ris in kâns te jaan om har te presintearjen foar publyk.