Buffersône frege by natoergebiet

© Omrop Fryslân
De Fryske Feriening foar Fjildbiology wol dat de provinsje buffersônes oanwiist nêst natoergebieten. Dat is nedich om't de lânbou gif brûkt oant de râne fan natoerreservaten ta, sa sizze de biologen.
It giet benammen om plakken op de sân- grûnen yn de súdeasthoeke dêr't leeljes en jirpels ferboud wurde. De feriening hat de provinsje in brief skreaun.