Hoareka fiert aksje yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn de Ljouwerter binnenstêd is freed aksjefierd troch de fakbûnen by in grut tal hoareka-gelegenheden. Mei muzyk giene fakbûnsminksen by personiel en klanten del om omtinken te freegjen foar de cao-ûnderhannelings mei Koninklijke Horeca Nederland.
Dy ûnderhannelings binne fêstrûn. De sfear by de aksje wie goed en der wiene gjin insidinten. Mear aksjes folgje.