Hantekenaksje op 'e Lemmer

13 sep 2002 - 00:00

Der is in soad ûnrêst ûntstien op 'e Lemmer oer de ferkearsfeilichheid yn it sintrum. It sintrum is renovearre en op 'e nij ynrjochte. Mei it ferdwinen fan de stoeperânen gie der in stik feilichheid foar fuotgongers ferlern.

Aksjefierder Antsje Veldhuis sammelt hantekens yn 'e buert. Dy wurde op 23 septimber oanbean oan de wethâlder fan Lemsterlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)