Klijnstra oppermachtich by NK

© awfoto.nl
Reedrydster Moniek Klijnstra út Sint Jânsgea hat sneon op de 1000 meter har twadde gouden medalje pakt by it NK ôfstannen foar junioaren A yn Breda. Mei har tiid fan 1.21.83 wie se fierwei de rapste, foar Annemarie Boer. Freed wie Klijnstra al de bêste op de beide 500 meters. By de neo-senioaren gong de titel op de 500 meter nei Janine Smit fan It Hearrenfean.
Paul-Yme Brunsmann wûn it sulver op de 1000 meter by de junioaren A. De winst gong nei Joost Born. Bente van den Berge waard freed kampioen 500 meter by de B-junioaren.