Hafkamp: 'Fergees heroine jaan'

© Omrop Fryslân
Der moat fergees heroine ferstrekt wurde yn Ljouwert. Dat hat wethâlder Hafkamp tongersdeitemiddei sein op in sympoasium oer de dakleazeproblematyk yn de stêd.
De Ljouwerter wethâlder wol dêrmei oan- slute by in lanlik eksperimint. Hafkamp sjocht it as in goed middel tsjin de oerlêst fan drugsferslaafden. It Ryk moat dêr noch wol tastimming foar jaan.