Slûswachter komt mei swartboek

© Omrop Fryslân
De slûswachter yn Hylpen sil de polityk yn Nijefurd konfrontearje mei in swartboek fol gebreken oan it slûskompleks. Slûswachter Hoekstra wachtet al trije jier op de 400.000 euro dy't nedich is foar de restauraasje fan de slûs en de brêge.
Hy hat fan it simmer ek al aksje fierd. Dat hat fertuten dien, want der komme yn oktober nije slûsdoarren.