Aksjes hoareka yn Ljouwert
De hoarekabûnen fan FNV en CNV fiere freedtejûn aksje yn de Ljouwerter binnenstêd. De bûnen binne op it stuit dwaande mei lanlike aksjes foar in bettere cao.
Underhannelings dêroer mei wurkjouwers- organisaasje Koninklijke Horeca Nederland sitte fêst. Freedtejûn wurdt de Ljouwerter hoarekawurknimmers ynformearre oer de ûnderhannelings.