COA wol sike frou (72) útsette

© Omrop Fryslân
Flechtlingewurk is teloarsteld yn it COA. Dy hat tongersdei in 72-jierrige frou út Azerbeidzjan besocht út it azc fan Drachten te setten, om't se gjin status krijt. Mar de frou is slim siik.
Neffens flechtlingewurk is it ûnferantwurde en sels wetlik ferbean om de sike frou gjin ûnderdak mear te jaan. Wêr't de frou op dit stuit ferbliuwt, is net dúdlik.