Mei GPS dochs ferdwale yn bosk
Kuierders dy't mei in GPS-apparaatsje de bosk by Appelskea yngeane, rinne kâns te ferdwalen. It Global Positioning System stiet net goed ôfsteld. De pylken fan de apparaatsjes wize de ferkearde kant op.
Steatsboskbehear besiket it euvel gau op te lossen. Der wurdt in soad drokte ferwachte fanwege populariteit fan GPS-kuiers.