Molkfeehâldersbûn fergoedet skea

11 sep 2002 - 00:00

It Nederlânsk Molkfeehâldersbûn fer- goedet de skea dy't by de suvelaksjes yn juny ûntstien is by it CNV-kantoar yn Drachten. It CNV lûkt dêrom de oan- klacht tsjin de molkfeehâlders yn.

Beide partijen hawwe ôfspraken makke om eskalaasjes by mooglik takomstige aksjes foar te kommen. Yn juny protes- tearren de molkfeehâlders om't se troch de staking de molke net kwyt koene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)