Nije frachtboat foar Doeksen

11 sep 2002 - 00:00

Rederij Doeksen hat tiisdei in nije frachtboat yn gebrûk naam. It giet om in katamaran, dy't troch in Australyske werf makke is. Op in werf yn Harns is ferline wike noch in nije boechskroef yn de boat set.

It skip kin dêrtroch better oanlizze. De nije frachtboat docht pas oer in jier Flylân oan. De steiger op it eilân moat earst noch oanpast wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)