Arie Boom oankommen yn Brest

© Omrop Fryslân
De Harnzer seesiler Arie Boom is yn Brest, Frankryk, oankommen. Boom is fan doel om de wrâld om te silen. Hy hat de izersteapelingssykte, in sykte dy't net folle foarkomt, en dêr wol er mei syn reis mear omtinken om freegje.
De ûndernimming ferrint net hielendal sa't it moat. Der binne wat apparaten stikken, mar dy wurde reparearre. Hy sil no nei it havenplak Vigo yn Spanje.