Dochs gjin azc yn Boarnsterhim

© Omrop Fryslân
In ferromming foar de ynwenners en de polityk fan Boarnsterhim: der komt gjin azc yn de gemeente. Neffens it coa, sintraal orgaan opfang asylsikers, komme der hieltyd minder asylsikers fanwege de nije frjemdlingewet.
Tsjin sân gemeentes hat it coa sein dat tydlike opfang net mear nedich is. Al skoften waard der yn Boarnsterhim har- senskrabbe oer wêr't it azc komme moast.