Snits: foarskot oan Van Mansum
De gemeente Snits moat Willem van Mansum in foarskot fan 29.000 euro jaan. Dat bepaalde de rjochter yn in koart pleit.
Tusken Snits en Van Mansum spilet al jierren in saak oer in bernesitsje dat Van Mansum ûntwikkele hat. It sosjale wurkplak fan Snits die de produkje, mar levere in wanprestaasje. De proseduere oer de skeafergoeding rint noch.