Bruinja út redaksje Kistwurk

© Omrop Fryslân
Tseard Bruinja stapt út de redaksje fan it Frysk literêre tiidskrift Kistwurk.
Oanlieding is de 'stelling' dêr't lêzers op reagearje kinne. Bruinja fielt him persoanlik rekke troch de stelling "It Skriuwersbûn is in oer- stallige klub dy't it bêste per direkt ferdwine kin". Bruinja is bestjoerslid fan it Skriuwersbûn. De redaksje fan Kistwurk fynt it spitich dat er opstapt.