CDA: fragen oer skea sâltwinning
De CDA-steatefraksje set fraachtekens by de skearegeling by de sâltwinning fan Frisia. Dy is basearre op ynskatting fan de delgong fan 'e grûn. Mar yn it ferline wiene sokke rûzings faak te leech, neffens de partij.
De fraksje wol fan Deputearre Steaten witte oft sy de regeling wol goed fynt. Sa net, dan soe de fergunning ynlutsen wurde moatte.