Skoallen de dupe fan útwreiding

09 sep 2002 - 00:00

Twa skoallen yn Ljouwert moatte nei alle gedachten fusearje om't der yn Suderbuorren in skoalle bykommen is. Foar de wet mei Ljouwert net mear as fyftjin basisskoallen hawwe. Dy yn 'e nije wenwyk soe de sechtsjinde wêze.

De Menno van Coehoornsskoalle en de Oostvaarder, lokaasje Tsjerk Hiddes, binne dêr de dupe fan. De gemeente moat noch beslute oer it spriedingsplan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)