Dokterswacht min te berikken
De Dokterswacht hat dit wykein te krijen hân mei in koarte telefoansteuring. De post yn Dokkum wie sneintemoarn in skoftsje dreech te berikken. De bellers moasten útwike nei it alarmnûmer 112.
De dokterswacht ferfangt jûns en yn it wykein de eigen húsarts. It is de bedoeling dat hiel Fryslân op termyn troch de dokterswacht dutsen wurdt.