Deade yn Drachten wol fermoarde

09 sep 2002 - 00:00

De man dy't snein dea oantroffen waard yn in flat yn Drachten, is deastutsen. Dat hat nei seksje bliken dien. De man wie al ferstoarn, doe't de plysje him fûn. De plysje siket de dieder yn de drugswrâld.

De plysje hat 25 resjersjeurs op de saak set. Op dit stuit wurdt in buertûnderstyk dien. Tips binne wolkom op it telefoannûmer 0900 - 88 44.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)