Moard yn Drachten?
Yn Drachten is sneintemoarn betiid in 37-jierrige man dea oantroffen yn syn flat oan de Sint Jansberg. De plysje nimt de saak heech op en tinkt dat der moard yn it spul is.
Der is al in team fan 25 resjersjeurs ynsteld, dat útsykje sil wat der krekt foarfallen is. Fierders wol de plysje noch gjin meidielings dwaan oer de saak.