Wer ûnrêstich wykein yn Dokkum

08 sep 2002 - 00:00

Yn Dokkum wie it dit wykein op 'en nij ûnrêstich. De plysje hâlde by de Ealsumerpoarte fjouwer stappers oan. In jongeman (20) út Foudgum smiet dêr in stien tsjin in rút fan in shoarmasaak. In oare man waard oppakt om't er net fuortgean woe út de saak.

De horekasaken giene dit wykein earder ticht om krekt de oerlêst yn 'e stêd te beheinen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)