Seehûnefirus ek op Deenske Waad

08 sep 2002 - 00:00

It seehûnefirus hat no ek slachtoffers makke yn it Deenske part fan de Waadsee. Dat makket de Deenske natoerbeskerming bekend. By de havenstêd Esbjerg binne in hûndert deade seehûnen oanspield.

Oant no ta sloech de sykte ta yn de Noard- en Eastsee en it Nederlânske en Dútse part fan de Waadsee. Mear as 3600 seehûnen stoaren oan it distemperfirus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)