Grutte Tsjerke fierhinne opknapt

© Omrop Fryslân
De restauraasje fan de Grutte Tsjerke yn Ljouwert is fierhinne klear. De bûtenkant stiet noch yn 'e steigers, mar de binnenkant is alhiel renovearre. De bûnte kjifkrobbe hie hjir behoarlike skea oanrjocht.
Snein wie der wer foar it earst in tsjerketsjinst. De opknapbeurt hat oardel miljoen gûne koste. Ein novimber moat it wurk dien wêze.