Protest yn Vegelinbuert Ljouwert

07 sep 2002 - 00:00

De bewenners fan de Vegelinbuert hawwe sneon protest fierd tsjin it feit dat de buert hieltyd mear fertutearzet wylst de gemeente dêr neat oan docht. Der binne in soad beloftes dien mar dêr is net folle fan terjochte kaam.

Om de oandacht te lûken fan de polityk, parse en buertbewenners waard der rommel sammele yn de buert en útstoarten op strjitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)