Meteoryt yn Eisinga Planetarium

© Omrop Fryslân
It Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer hat der fan takom wike ôf in bysûndere oanwinst by: in meteoryt dy't fûn is yn de Namib Woestyn yn Súdlik Afrika. In meteoryt komt út de rûmte en bestiet út lytse stofdieltsjes.
Meastal ferbaarne dy, mar somtiden binne se sa grut dat dat net wol en falle se del op de ierde. Dit eksemplaar waget 12 kilo.